De Elfwegentocht is al mear as in wike geande. Yn dy tiid bin der yn Wommels al in protte minsken fossylfrij ferfierd yn de elektryske BMW i3 dy’t de WEK ta beskikking hat. Bygelyks hjoed Margriet Rienstra nei De Friesche Poort, dy’t oan de elfwegentocht meidocht, en Tineke, Lianne en Klaas nei de hurddraaftraining yn Boalsert. Moarn is Pier Zijlstra oan de beurt en Woansdei Theunis Boonstra. Dy hawwe al in aardich fol skema. Tongersdei kin der mei Jelle de Boer riden wurde, freed mei Auke de Boer. Proefritten kinne ek. Skilje 0620343380. Sneon slút Tjalke Gaastra de twa wiken ôf mei de parade op de Wâldwei.