Koöperaasje binne in gaadlik model om foarút te buorkjen, sa stelde boargemaster Jannewietske de Vries juster yn har nijjierstaspraak “Súdwest-Fryslân: folop yn beweging”. “Sa soe in hiel doarp – ek de minsken yn sosjale hierwenningen – lid wêze en profijt hawwe fan in enerzjykoöperaasje. Want de winst giet nei maatskiplike doelen dy’t de leden sels fêststelle. Dat is demokratyske fernijïng op lokaal nivo. It fergruttet ek de akseptaasje foar feroaring yn de omjouwing. En it freget fisy op nije manieren fan mobiliteit.” neffens De Vries.

Wy fan de WEK dogge ús bêst, stypje graach lokale duorsemens- en leefberensprojekten, hawwe it inisjatyf naam ta Ierdgasfrij Wommels (lês de kommende Diggelfjoer) en bin dwaande mei dielauto’s yn Wommels.

Slút dy by ús oan en buorkje mei ús mei de fitale mienskip foarút. 100% Griene enerzjy fan Energie VanOns om mei te begjinnen, meitinke oer in duorseme omjouwing en ekonomy en at it slagget skylk enerzjyneutraliteit sa at wy it wolle en wy der it measte profijt fan hawwe.

De WEK: goed foar mekoar.