Us foarsitter, Ultsje Wiersma, fertelde juster op de Klankboerdjûn fan Doarpsbelang Wommels hoe’t it der foar stiet mei de Wommelser Enerzjy Koöperaasje en wat der yn de takomst mooglik dien wurde kin yn Wommels op it mêd fan duorsumens. Der kin perfoarst oanslúten wurde by NLD en lid wurden wurde fan de WEK. Mei mear jild (bydrage NLD € 75,- per oanslúting per jier) en mear leden kin it allegear goed op gong komme.

Der wiene juster minsken oan de doar yn Wommels mei in oanbieding fan in goedkeape  enerzjyleverancier. Dizze minsken krigen fan dejingen dy’t se oansprutsen faaks te hearen dat dy der wol oer tochten om nei wat nijs oer te stappen, mar dan by yts dat yn Wommels spilet, deWEK dus. Wy soenen size: Slút jim mar oan en kom der by. Dan sil it heve hjir yn Wommels. Lês hjir nochris hoe maklik it is om oer te stappen.